Drokte by oanfraach ID
De gemeente Achtkarspelen ropt syn ynwenners op in ôfspraak te meitsjen foar in nije ID-kaart. By de ôfdieling boargersaken wurdt in soad drokte ferwachte, om't bern nei ein juny net mear byskreaun wurde meie yn de paspoarten fan har âlden. Boppedat hantearret Achtkarspelen oant 1 april noch in leger taryf foar paspoarten en ID-kaarten.