Plysjeburo Surhústerfean iepen?

28 nov 2006 - 12:04

It plysjeburo yn Surhústerfean giet wer iepen, mooglik al op 1 desimber. Lang like it derop dat de Feanster plysjepost ferlern gean soe. Trije jier nei de iepening gie it buro yn novimber 2004 al wer ticht. In beslút oer de takomst waard hieltyd útsteld.

De lêste moannen hat de gemeente Achtkarspelen drok dwaande west om de plysjepost wer iepen te krijen. Der komt noch oerlis oer it tal deidelen dat it buro iepen wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)