Garland Jeffreys lûkt 1 studint

28 nov 2006 - 11:24

De ferneamde sjonger Garland_Jeffreys luts moandei mar ien learling by in clinic foar studinten Popakademy yn Ljouwert. De iepenbiere les wie yn Teater Romein. Jeffreys, bekend fan it liet ´Take me to the Matador´, is teloarsteld nei syn hotel weromgien.

Organisator Harrie_Muis fan stichting Het_Podium neamt it in miste kâns. Hy oerleit der noch mei de Popakademy en it Friesland College oer oft twa oare clinics wol trochgean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)