Tennisser Van der Duim skorst

28 nov 2006 - 11:03

Tennisser Antal van der Duim is foar in moanne skorst troch it Nederlânske Tennisbûn. Hy soe yn Israël in tal toernoaien spylje, mar is op it fleantúch nei hûs ta set. De reden is dat er him net hâlden hawwe soe oan groepsôfspraken. It is foar Van der Duim net de earste kear dat er troch troch it bûn nei hûs ta stjoerd is.

Troch de skorsing mist Van der Duim it Masterstoernoai yn Rotterdam, de ôfsluting fan it Nederlânske seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)