Van Rijswijk net nei de Harkema

28 nov 2006 - 10:59

Ald Cambuur-oanfaller René van Rijswijk giet net nei de Harkemase Boys. Hy wie frege troch de ploech fan âld-Cambuurtrener Fritz Korbach. Van Rijswijk krige it ôfrûne seizoen gjin kontraktferlenging en hat doe syn stúdzje sportpsychology wer oppakt.

Van Rijswijk is ek noch dwaande mei de trenerskursus I en II. Troch de stúdzje yn Grins en de trenerskursus is der gjin tiid mear om ek noch foar Harkemase Boys te fuotbaljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)