Soad nijbou yn Ljouwert yn 2005

28 nov 2006 - 10:48

Ljouwert hat der ferline jier mear as fiifhûndert nijbouwenten bykrige. Dat is sûnt de jierren tachtich net mear foarkommen, stiet yn de Woningbouwmonitor. Fierders docht bliken dat der noch genôch betelbere wenten yn Ljouwert binne. De trochstream soe lykwols better kinne.

Ljouwert lûkt hieltyd mear minsken mei midden- en hege ynkommens. Ek komme hieltyd mear minsken fan bûten de regio yn Ljouwert te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)