PvdA: Jannewietske de Vries op 2

28 nov 2006 - 10:44

Jannewietske de Vries fan Raerd is de twadde kandidaat-deputearre foar de PvdA foar de steateferkiezings fan maart 2007. Earder al waard bekend dat Anita Andriesen op 'e nij listlûker is fan de partij en dêrmei de earste kandidaat-deputearre.

Tiisdei waard de kandidatelist foar de ferkiezings presintearre. By de earste 10 steane 6 froulju. Ien fan harren is Gryt van Duinen, programmamakker by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)