Aksje foar Fiëtnameesk jonkje

© Omrop Fryslân
Bern fan de Wiardaskoalle yn Goutum ha moandei by it stêdhûs fan Ljouwert aksjefierd foar it Fiëtnameeske jonkje Phabi en syn mem. De mem wurdt it lân útset en Phabi bliuwt dan allinnich achter. Hy is berne yn Frankryk en hat net de Fiëtnameeske nasjonaliteit.
Ien fan 'e âlden spruts de ried ta. Hy frege de leden de saak nochris ûnder de oandacht te bringen by de Keamerleden en by minister Verdonk fan Frjemdelingesaken.