Brân yn pleats Goaiïngaryp

28 nov 2006 - 10:12

In brân hat moandeitejûn foar in soad skea soarge by in pleats oan de Ballingbuer ûnder Goaiïngaryp. De brân ûnstie troch noch ûnbekende oorsaak tusken de heasouder en de melkstâl.

Om't de brânwacht krekt oan it oefenjen wie yn de kazerne wiene de spuitgasten gau te plak. Sadwaande koe de skea beheind bliuwe. De eigner fan de pleats hat reek ynaseme. Hy is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)