Ljouwerter ferwûne by ûngelok A7

© Omrop Fryslân
In 50-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Wieringerwerf.
De man kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn de middenberm en rekke de fangrail. Op de rydbaan bleau er stean en waard oanriden troch in frachtwein. Dy waard bestjoerd troch in Arumer(23). Ferkear út Fryslân wei hie troch it ûngelok in tal oeren lêst fan fertragings. Nei sânen koe it ferkear allinnich mar stadich ride.