Fiskstânkommisje wurket net

27 nov 2006 - 17:55

It wurk fan de Fiskstânbehearskommisje yn it Lauwersmargebiet leit al moannen stil. Dat komt om't ien fan de beide beropsfiskers dêr, net meidocht yn dy kommisje. Ek soe er ôfspraken oer it meinimmen fan snoekbears negeare.

Dy saneamde VBC-kommisjes bestean yn hiel Nederlân. Sport- en beropsfiskers meitsje dêryn ôfspraken oer duorsum fiskjen. De oanbelangjende fisker hat ien tredde fan de fiskrjochten yn hannen foar de Lauwersmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)