Ekohúskes Snits grut sukses

27 nov 2006 - 17:28

Yn Snits komt in twadde nijbouprojekt mei miljeufreonlike wc's. Earder dit jier hie de stêd de wrâldprimeur mei in pilotprojekt foar 32 wenningen mei bio-energy opwekkende húskes.

It ôffalwetter fan de wc's wurdt yn de wyk sels suvere yn in spesjale ynstallaasje. De reststoffen wurde opnij brûkt. De pilot is in grut súkses. Hast alle brûkers fan 'e miljeufreonlike húskes binne tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)