Tineke Huizinga measte stimmen

27 nov 2006 - 16:51

Tineke Huizinga fan de ChristenUnie is it populêrste Fryske Keamerlid. Sy krige 26.000 foarkarstimmen. CDA- keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean krige 16.000 foarkarstimmen.

Rendert Algra komt net werom yn de Twadde Keamer. Dat is moandei definityf fêststeld. Algra hope mei foarkarstimmen dochs wer foar it CDA yn de Keamer te kommen, mar hy hat it net helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)