Johannes Kramer nûmer 1 by FNP

Johannes Kramer is freed foar de FNP ta listlûker foar de Steateferkiezings yn maart takom jier keazen. It wurdt syn twadde perioade as fraksjefoarsitter. Kramer is ek beskikber as kandidaat- deputearre foar de FNP.
As twadde, tredde, fjirde en fyfde op de list stean de sittende steateleden Annigje Toering, Douwe Bylsma, Pytsje de Graaf en Marten van der Veen. Op it seisde plak komt de earste nijeling: Ljouwerter riedslid Sybren Posthumus.