Stellerij tsjerkhôf Donkerbroek
Fan it begraafplak oan de Tsjerkereed yn Donkerbroek wurde de lêste wiken hieltyd mear saken stellen. It giet om lytse dinkjes dy't op grêven stean mei in grutte emoansjonele wearde.
De behearder fan it begraafplak hat oanjefte dien by de plysje. De plysje siket no tsjûgen.