Skaker Van Wely wint hynder

27 nov 2006 - 00:07

Loek van Wely hat sneintejûn mei grut fertoan fan macht it earste Remco Heite-skaaktoernoai yn Wolvegea wûn. De Nederlânske grutmaster wûn snein syn lêste partijen fan Jan Timman en Jan Werle fan Beetstersweach. Dêrmei kaam er út op in totaal fan 4,5 punten út 5 partijen.

Van Wely hat fan it prizejild in hynder kocht by pikeur Arnold Mollema. It is de bedoeling dat frou Van Wely op it hynder ride sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)