'Mear Frysk wurk Rembrandt'

26 nov 2006 - 13:07

Rembrandt hat mear skildere en tekene yn Fryslân as oant no ta oannommen waard. Dat seit keunsthistorikus en Rembrandt-kenner Ben Broos.

Rembrandt is yn 1634 op It Bilt troud mei syn grutte leafde, Saskia. Yn de jierren dêrnei kamen de twa noch gau ris nei Fryslân ta. Neffens Broos hat Rembrandt in oantal pleatsen op It Bilt skildere, dy't yntusken net mear besteane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)