Holcim giet ticht

© Omrop Fryslân
It bedriuw Holcim yn Eastermar giet ticht. Dat seit FNV-bestjoerder Henk Korthof. Holcim makket betonprodukten. By it bedriuw wurkje trettjin minsken. Fjouwer fan dy wurknimmers wiene hast oan it pensjoen ta.
Holcim is in dochterûndernimming fan de Switserske Holcim Groep, ien fan de grutste semintprodusinten yn de wrâld. Allinnich al yn de Benelux en Frankryk wurkje mear as 3000 minsken foar it bedriuw.