Harkemase Boys ferliest

25 nov 2006 - 16:31

Harkemase Boys hat ferlern fan Genemuiden. De thúsploech kaam 1-0 foar. Marc Hegeman en Valery Sedoc brochten de Harekiten op foarsprong. Genemuiden wûn úteinlik mei 3-2.

Foar de beker spile fjirdeklasser ACV nei 90 minuten ferrassend 0-0 tsjin haadklasser Oranje Nassau. De ploech út Seisbierrum ferlear nei strafskoppen mei 5-4. Earsteklasser Zeerobben ferlear mei 5-0 fan Staphorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)