Grof ôffal skiede yn Ljouwert

25 nov 2006 - 14:35

Yn de Ljouwerter wyk Westeinde rint in proef mei it skieden fan saneamd 'grof ôffal'. Minsken dy't dêr wat foar ha, kinne belje mei Kringloopbedriuw Estafette. De meiwurkers helje it guod fan hûs op. Ek grutte stikken smoargens dy't nét geskikt binne foar hergebrûk wurde ophelle.

Oars moasten de bewenners de stikken ôffal op fêste dagen by de dyk sette. Mar dan barde it faak dat oaren harren ôffal der ek by setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)