Hessel wol Skylge promoatsje

Sjonger Hessel fan Skylge hat in plan betocht om syn eilân te promoatsjen. Mei in fearboat fan Doeksen sille tal fan eilanner ûndernimmers takom jier ferskate plakken yn Nederlân oandwaan. De fearboat sil ûnder oare nei Dordrecht en Sliedrecht farre.
It idee is noch yn de ûntwikkelingsfaze. Moandei leit Hessel it plan foar oan de gemeente en de ûndernimmers, om te sjen oft der draachflak foar syn idee is.