Benefytmiel Freddie Mercury

25 nov 2006 - 10:32

Mei in spesjaal diner is freed yn Ljouwert betocht dat sjonger Freddie Mercury fyftjin jier lyn stoarn is oan AIDS. Yn it restaurant fan de oplieding Hospitality en Toerisme fan it Friese Poort Kolleezje yn Ljouwert krigen 28 gasten Mercury syn favorite miel foarset.

De opbringst wie foar it AIDS-fûns. Ek op sechtsjin oare ROC's is it saneamde Freddie's Diner hâlden. Mei-inoar smiet dat goed 15.000 euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)