Cambuur ferliest mei 1-4

25 nov 2006 - 09:01

Cambuur hat freedtejûn yn eigen hûs mei 1-4 ferlern fan Stormvogels Telstar. Dêrmei hawwe de Ljouwerters de kâns op in perioadetitel ferspile.

Paul_Mulders joech Cambuur hoop troch al frij gau te skoaren. Mar Melvin_Holwijn makke foar rêst de gelykmakker. Flak dêrnei sette dyselde Holwijn de ploech út Velzen op foarsprong. Ald-Cambuur-spiler Jan_Bruin dy´t no foar Telstar útkomt, en Richmond_Bossman skoarden ek noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)