Keunst fan Friezen om utens
Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is freed in tentoanstelling iepene mei wurk fan njoggen keunstners. It giet om Friezen-om-utens lykas Maaike Alma, Tjibbe Hooghiemstra, Elma Alkema en Robert Zandvliet.
Museum Belvédère bestiet presys twa jier. Yn dy twa jier hawwe der goed 125.000 besikers west. It wurk fan de Friezen om utens is oant 18 febrewaris te sjen.