Plysje fynt radardetektor

21 mrt 2012 - 12:37

De plysje hat tiisdei op de Kúkhernsterwei yn De Westereen in radardetektor yn beslach nommen. By in snelheidskontrôle sinjalearre de plysje-apparatuer in radardetektor yn in foarbyridende auto. De bestjoerder is oan de kant set en joech ta dat er in detektor yn de auto hie. It apparaat is yn beslach nommen en de bestjoerder hat in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
plysje radardetektor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)