Seehûn yn haven Hylpen
Yn de buert fan de haven fan Hylpen swimt in seehûn om. Neffens it seehunesintrum yn Pieterburen komt it bist by Lelystêd wei. Dêr is hy fjouwer wike lyn sinjalearre.
Foarearst lit men de seehûn gewurde. Neffens saakkundigen kin dat gjin kwea, salang't it bist sûn is. Acht jier lyn waard foar it lest in seehûn by Hylpen sjoen.