Skeel oer waskmasine

© Omrop Fryslân
De eask fan bewenners fan Warkum dat harren buorlju nachts net mear waskje en droegje meie. Neffens de Warkumers hawwe se in soad oerlêst fan de waskmasine en de droeger. Yn in koart pleit easken se dat de buorlju dy net brûke soene tusken 22 en 8 oere.
De rjochter yn Ljouwert hat de eask ôfwiisd. Neffens de buorlju brûke se de masines nachts hielendal net. De easkers kinne ek net oantoane wannear't se de oerlêst krekt fernimme.