Lintsjes foar militêren ophingje

24 nov 2006 - 14:06

Yn Amearika fersiere guon ynwenners harren hús mei yellow ribbons, oftewol giele linten. Se wolle sa sjen litte dat se útstjoerde militêren stypje en in waarm wolkom jouwe as se wer thús komme. In mem út Nijehoarne fan wa't de soan op it stuit as militêr yn Uruzgan sit, wol it inisjatyf fan de linten ek yn Nederlân yntrodusearje.

Har soan Tsjeard krijt begjin desimber yn alle gefallen in wolkom thús mei in oranje lint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)