Televyzjebrân yn Ljouwert

24 nov 2006 - 11:07

Trije bewenners fan in studintehûs yn de Ljouwerter Mondriaanstraat binne freedtemoarn betiid nei it sikehûs brocht. Se hiene muoite mei sykheljen nei in televyzjebrân yn har wenning. Ien studint moat ter observaasje yn it sikehûs bliuwe, mei de oare twa giet it ridlik.

De bewenners binne alarmearre troch reekmelders. Se koene op 'e tiid fuortkomme. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)