Miskien âldjiersfeest Frjentsjer

24 nov 2006 - 11:01

Frjentsjer krijt nei fjouwer jier mooglik wer in âldjiersfeest. Twa horeka-ûndernimmers út de stêd hawwe by de gemeente in fergunning oanfrege foar it hâlden fan in feest op de oerdekte tennisbaan fan rekreaasje- sintrum Bloemketerp.

It feest is benammen bedoeld foar jongeren. Earder waard der yn Frjentsjer yn de âldjiersnacht in feest hâlden yn keatshal De Trije. Dêr kaam in ein oan fanwege de kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)