Koperdieven trapearre

24 nov 2006 - 10:42

De plysje hat twa manlju fan 29 en 30 jier út Ljouwert en Dokkum oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in kasse- kompleks yn Holwert. In tsjûge seach dat de twa koperen liedingen meinamen út it bedriuw. Doe't de plysje kaam, wiene de manlju al útnaaid. De plysje koe de manlju yn Stiens oanhâlde.

De plysje hat de koperen liedingen en krêftstroomkabels weromfûn yn harren auto. Ek waard der in falske kenteken- plaat fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)