Filmfestival giet dit jier oer

21 mrt 2012 - 12:27

It Noardlik Filmfestival giet dit jier net troch. Dat hat te krijen mei it nije ûnderkommen fan it festival yn it gebou fan it nije Fries Museum yn Ljouwert. Yn maart 2013 geane dêr de doarren iepen. De organisaasje rjochtet him op de feestlike iepening fan de nije lokaasje en lit dêrom de 34e edysje fan it filmfestival dit jier ferfalle. Yn maart 2013 wurdt by de iepening in Fries Nederlands Filmfestival organisearre.

Yn it nije Fries Museum komme trije moderne filmsealen, romtes foar edukative aktiviteiten en in kafee-restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)