Maraton twa oeren earder

De live-útstjoering fan it maratonriden op SBS 6 wurdt ferset fan 18.00 oere op sneon nei 16.00 oere. De feroaring hat te krijen mei de lege sjochsifers, sa'n 230.000. De starttiid fan 'e wedstriid yn Den Haach, takom sneon, kin net mear feroare wurde. Dy is no allinnich op snein te sjen yn de herhelling.
Oan it maratonriden dogge in soad Friezen mei. SBS stjoert de wedstriden dit jier foar it earst live út.