Soad 'tsjustere' fytsers beboete

© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân en Opsterlân binne sûnt begjin oktober 350 boetes útdield foar riden sûnder ljocht. Allinnich yn oktober wiene it al 250. Yn novimber kamen dêr nochris 100 by.
De plysje hâldt de ôfrûne moannen ekstra strang tafersjoch op jonge fytsers, om't sy noch altyd te faak sûnder ljocht op 'en paad gean yn it tsjuster. Der is benammen kontrolearre by skoallen en útgeansplakken. De aksje rint noch oant jannewaris.