Dronken rider yn 'e boeien slein

23 nov 2006 - 10:12

De plysje yn Frjentsjer hat woansdei grutte muoite hân mei it oanhâlden fan in dronken autorider (60) út Hoogezand. De man waard agressyf doe't er in blaastest dwaan moast. De plysje moast him úteinliks mei hânboeien om nei it buro ôffiere. Dêr die bliken dat er te folle dronken hie en hy moast it rydbewiis ynleverje.

De automobilist hat proses-ferbaal krige foar it riden ûnder ynfloed en ferset tsjin de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)