Anita Andriesen teloarsteld

Foar Anita Andriessen, de provinsjale listlûker fan de PvdA, is de útslach fan de ferkiezings in teloarstelling. Neffens har is it boadskip dat it sosjaler moat yn Nederlân wol oankaam, mar binne dy stimmen benammen telâne kaam by de SP. It belied moat oars, nettsjinsteande de gruttere CDA.
Bestjoerskundige Hemminga fan de Fryske Akademy tinkt dat de útslach it dreech makket in nij kabinet te formearjen.