Verbeek mist allinnich Dingsdag

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean moat it tongersdei foar de UEFA-cup opnimme tsjin it Italiaanske Parma. By de ploech fan Gertjan Verbeek ûntbrekt allinnich de skorste ferdigener Michael Dingsdag. Michel Breuer spilet dêrtroch yn it sintrum en Jeroen Drost links achteryn.
Hearrenfean mei eins net ferlieze om pleatsing foar de folgjende ronde yn eigen hân te hâlden. De ploech hat oant no ta ien punt behelle en spilet oer trije wiken noch thús tsjin Lens.