Skier wer de earste fan it lân

© Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach makke woansdei om 3 minuten en 56 sekonden nei njoggenen de útslach bekend. Mear tiid wie net nedich foar it tellen fan de 714 útbrochte stimmen. Skier bleau oare 'rappe' gemeentes as Rozendaal en Renswoude krekt foar. De opkomst op it Waadeilân wie 94,3 %.
Op Skiermûntseach waard it CDA mei 25,8 % de grutste partij, folge troch de PvdA mei 24,1 %. De SP is no de tredde partij fan it eilân mei 17 %.