Wetterskip: 250 miljoen nedich

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat op 'e nij in finansjele ôffaller. It wetterskip liet yn july wite dat 200 miljoen euro nedich is 600 kilometer wâlen en kaden op te knappen. Dêr komt no in ôffaller fan 250 miljoen euro by. It wetterskip wie útgien fan it opknappen fan 1000 kilometer oan wâlskanten oant 2016.
Yntusken is dúdlik wurden dat 2000 kilometer opknapt wurde moat. It wetterskip sil moandei bekend meitsje hoe't dit jild opbracht wurde moat.