Fertochte moard bliuwt yn sel

© Omrop Fryslân
De 21-jierrige man dy't fertochte wurdt fan 'e moard op Marinus Ooms bliuwt noch seker in moanne yn 'e sel. Dat hat de riedkeamer fan 'e rjochtbank yn Ljouwert woansdei besletten.
De 51-jierrige Ooms waard op woansdei 11 oktober dea oantroffen yn syn pleats by Haulerwyk. De fertochte hat earder yn Haulerwyk wenne. De man melde him oan 'e begjin fan 'e moanne by de plysje fan Amsterdam.