Opkomst om 12.00 oere: sa'n 15 %

22 nov 2006 - 12:13

Om 12.00 oere middeis hat al sa'n 15 persint fan 'e Friezen te stimmen west. Dit komt oerien mei de opkomst by eardere ferkiezings. De buien hawwe net al te folle ynfloed op de opkomstsifers.

In pear sifers: Smellingerlân 17,8 %, Dongeradiel 15,4 %, Dantumadiel 16 %, Snits 12,3 % en Ljouwert 12 %. Positive útsjitters binne de eilannen. Amelân siet al op in opkomst fan 25 % en Skiermûntseach sels al op 30 %.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)