Slûs Snitser Aldfeart fernield

21 nov 2006 - 15:45

De doarren fan it slûske yn de Snitser Aldfeart binne stikkenmakke. Dêrtroch wurket de slûs de kommende tiid net. De skowen dêr't it wetter mei trochlitten wurdt, binne kapot makke, nei alle gedachten troch fandalen. De gemeente had oanjefte dien fan fernieling.

De saak wurdt no wer makke. Mar it duorret nei alle gedachten wol fjirtjin dagen foardat de slûs wer brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)