Justysje betellet rapport Ankers

21 nov 2006 - 15:23

Justysje moat de kosten fergoedzje foar in reklassearringsrapport dat it Ljouwerter advokatekantoar Anker en Anker sels skreaun hat. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert bepaald.

Neffens justysje binne allinnich ûndersiken fan de Reklassearring Nederland te brûken by rjochtsaken. Mar de Ankers binne it dêr net mei iens. Justysje moat no de kosten foar it net-offisjele ûndersyk betelje, sa hat de rjochtbank besletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)