Opknapbeurt foar Rengerspôle

21 nov 2006 - 14:42

Eilantsje De Rengerspôle yn natuergebiet De Alde Feanen wurdt takom jier opknapt. Der komme lisplakken foar boaten en in fûgelsjochhutte. Boppedat wurde de kaden beskerme. De wurksemheden kostje 2,5 miljoen euro. It wurk moat foar de simmer fan 2008 dien wêze.

It Fryske Gea is eigner fan it eilân dat 20 hektare grut is. De Marrekrite sil de oanlisplakken foar boatsjefarders beheare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)