Snitser swaait mei mes

21 nov 2006 - 10:10

Yn Snits is in 44-jierrige man oanhâlden op fertinking fan bedrigings mei in mes. De Snitser hie guod fernield yn in hûs en stie mei in mes te swaaien. Op it momint dat de plysje derby kaam gie de fertochte mei it mes op de plysjeminsken ôf.

Pas doe't de plysje in hûn ynsette, lei de Snitser it mes del. De man fersette him ek noch by syn oanhâlding. Op 'e nij moast de plysjehûn deroan te pas komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)