Problemen yn polityk Gaasterlân

21 nov 2006 - 10:04

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels sil mei de fraksjefoarsitters fan de politike partijen yn de gemeente Gaasterlân-Sleat om 'e tafel. Yn de gemeente binne de lêste tiid bestjoerlike problemen. De riedsgriffier hat ûntslach nommen, in topamtner is skorst en der binne grutte finansjele problemen.

Guon fraksjes yn 'e ried hawwe grutte soargen oer de situaasje. It politike libben leit al inkelde wiken stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)