Net folle reaksjes op sedesaak

21 mrt 2012 - 11:54

Gemeente, plysje en swimbad Blomketerp ha net folle reaksjes hân op de sedesaak yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. In oppasheit fan skoalle de Wynwizer hat in famke fan 7 jier misbrûkt. De man is ek swimlearaar yn Blomketerp yn Frjentsjer. De gemeente hat alle âlden fan de tuskenskoalse opfang in brief skreaun en dêr binne 12 telefoantsjes op kaam, mar dat gie net om nije gefallen fan misbrûk. By de plysje en it swimbad binne hielendal gjin reaksjes binnenkommen.

Op de skoalle is wol in soad ûnrêst. De direksje sil dêrom alle âlden noch in brief stjoere. Der is noch gjin ynformaasjejûn fêstlein, mar dy mooglikheid wurdt iepen hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)