Aksje tsjin heroïnesintrum Vliet

21 nov 2006 - 07:15

Sa'n 70 minsken binne moandeitejûn ôfkaam op de earste aksje tsjin de komst fan in heroïnesintrum yn it Ljouwerter Vliet.

It aksjekomitee 'Vliet heroïne-unit niet' joech yn it buerthûs bonnen fuort foar in fergese kroket of frikandel by Snackbar It Vliet. De snackbar stiet deun njonken it gebou dêr't de drugs ferstrekt wurde sille. Takom wike moandei wurdt op 'e nij aksjefierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)