Mear jild foar duorsume enerzjy

De oerheid moat jierliks ien miljard euro ekstra útlûke foar duorsume enerzjy. Dat sei Twadde Keamerlid Samsom (PvdA) moandei by in kongres oer duorsume mobiliteit. Minsken út it bedriuwslibben, de wittenskip en de oerheid prate yn De Harmonie yn Ljouwert oer foarmen fan ferfier dy't miljeu-freonlik binne.
Samsom pleitet foar bygelyks it riden op ierdgas om't klimaatferoaringen it grutste gefaar foar ús ierde foarmje.