Parkeargaraazje Aldehou klear

De parkeargaraazje by de Aldehou yn Ljouwert wurdt woansdei iepene. Goed 500 auto's kinne ûnder de grûn delset wurde. De bou hat twa jier duorre. Yn it sintrum binne no mei elkoar in lytse 4000 parkearplakken, de helte derfan is ûnder dak.
It Aldehousterstsjerkhôf is ien fan de âldste plakken fan Ljouwert. By de bou binne in soad argeologyske resten fûn, lykas resten fan de Sint. Vitustsjerke en in pleats út de Romeinske perioade.